Vogelwacht Sneek

Boek 100 jier aaisykjen yn Fryslân


Aaisikersklup De Ald Hij fan Dearsum hat in boek útjûn oer 100 jier aaisykjen yn Fryslân.

Reade tried aaisikersklup De Ald Hij fan Dearsum.

Dit boek is útjûn yn eigen behear , dus net yn de boekhandel te krijen.

De Ald Hij hat hjir foar keazen om de priis tige akseptabel te hâlden nl 20,= euro, oars wie it gau 27,50 wurden.

It is in prachtich moai boek mei deryn ek rom omtinken oan de legendaryske Snitser Jan Wuring.

Jan Wuring hat jierren ( 40 jier)  mei aaisikersklup De Ald Hij fan Dearsum op paad west as skipper/kok.

No komt der in reportage oer dit boek en de skriuwer yn it Sneeker Nieuwsblad.

Faaks kin we elkoar, jimme as fûgelwacht en wy as aaisikersklup De Ald Hij elkoar stipje om dit boek by de juste persoanen oan te bieden.

Us doel ,aaisikers en senior aaisikers wei dreame litte yn harren eigen moaie  belibbingen yn’t fjild by it lêzen fan dit boek.

Foar mear ynformaasje sjoch op;  www.dealdhij-dearsum.nl

Cookies helpen ons onze services te leveren. Door onze services te gebruiken, geeft u aan akkoord te gaan met ons gebruik van cookies. OK